Help foar Radboudruters

© Omrop Fryslân
Tidens it ynternasjonaal konkoers Noard-Nederlân yn Drachten wurdt jild ynsammele foar rydferiening De Radboudruters. Mei âld en nij baarnde it klupgebou fan de feriening ôf. Ek al it wedstrydguod gie hjirby ferlern. Neffens de Radboudruters is de skea wol mear as 50.000 euro. Koartlyn hiene de leden jild ynsammele foar in Radboudhindernis. Dy koste tûzen euro.
Hippo Friesland en Metaaldraaierij Van Grijp ha yntusken in nije hindernis tasein. Hoefolle jild by it konkoers ynsammele is, wurdt sneintemiddei bekend makke.