Neitinke oer stedskeunstner
De gemeente Ljouwert hat noch yn berie oft der in ferfolch komt op de stedskeunstner. Ferline jier krige keunstner Martin Winters de titel stedskeunstner. Syn kontrakt rûn ôfrûne septimber lykwols ôf.
Neffens de gemeente is der wol jild foar in nije stedskeunstner, mar moat der earst noch evaluearre wurde. Hjirby sil ek sjoen wurde nei wat in stedskeunstner de stêd eins opsmyt.