Otter ek yn Snitsermar

03 jan 2012 - 20:07

Der binne spoaren fûn fan otters deun tsjin rekreaasjegebiet de Potten oan by de Snitsermar. Simmerdeis is dat ien fan de drokste rekreaasjegebieten fan Fryslân. It giet nei alle gedachten om in jong mantsje dat troch it gebiet swalket.

Rattefanger Harry Bosma fan Wetterskip Fryslân fûn dúdlike spoaren fan it bist by de útsjochtoer. Neffens natoerorganisaasje Steatsboskbehear dy't natoergebieten om de mar hinne beheart, sitte der al 23 jier gjin otters mear yn de Snitsermar. De natoerbehearders wolle dat gau maatregels komme om foar te kommen dat otters yn fisknetten komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)