Aksje foar behâld feekeuring

03 jan 2012 - 19:33

Der komme ekstra aksjes om de tradysje fan it keuren fan kij yn libben te hâlden. De feebeoardielingskommisje Fryslân siket jonge minsken dy't it keuren fan kij leare wolle.

Barde dit earder foaral op ien sintrale lokaasje, no komme de ynstrukteurs nei de jongerein ta. Yn lytse ploechjes leare se dan wêrom de iene ko moaier is as de oare. It animo nimt al jierren ôf en de kommisje makket him dêr soargen oer. Minsken dy't belangstelling ha kinne har oanmelde op de site fan de feebeoardielingskommisje Fryslân.

Trefwurden: 
feekeuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)