Boarnsterstim wol Mercurius

Mercurius RTV
De lokale omrop Boarnsterstim riedt in oername fan de Ljouwerter kollega's fan Mercurius ta. Mooglik al foar de feitlike fúzje fan de gemeenten Ljouwert en Boarnsterhim soene de útstjoerings fan Grou út fersoarge wurde moatte. Fanwege dy fúzje mei yngong fan 2014 moatte ek de lokale omroppen tegearre fierder.
De Boarnsterstim ûndersiket ek oft de omrop op It Hearrenfean aktyf wurde kin, omdat dêr gjin lokale omrop mear is. Dat der fan de Ljouwerter meiwurkers út wjerstân tsjin de oername is, kin Boarnsterstim-foarsitter wol begripe. Woansdei is der in petear by Mercurius.