Soad skea troch de stoarm

03 jan 2012 - 14:49

Rûnom yn de provinsje ûntstiet skea as gefolch fan de stoarm. Op in soad plakken binne beammen omwaaid. By de meldkeamer binne oant 13.30 oere alve meldings binnen kaam. Foaral op de waadeilannen giet it need. Dêr stiet in stoarm mei in wynkrêft tusken de 9 en 11. Yn Nes op It Amelân foel in 25 meter hege beam op it bedriuwsgebou fan fytseferhierder Kiewiet. Dat gebou rekke swier skansearre. De beam foel ek op de auto fan de famylje Kiewiet. De auto rekke total-loss.

Op De Lemmer foel in beam op in auto. Op de A32 by Akkrum krige de wyn grip op in oanhingwein, dy't om waaide.

De trijemêster Thalassa leit yn Harns oan de kade en krijt de folle laach, mar neffens de eigner kin der neat mei gebeure. Der is net ien ferwûne rekke.By in tankstation yn Drachten rûn it dak stoarmskea op. Op It Hearrenfean waaide in reklame fan autobedriuw Vaartland fan it dak.
Foto's fan de gefolgen fan de stoarm kinne jo maile nei redaksje@omropfryslan.nl

Trefwurden: 
beammen stoarm skea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)