Earste skea troch stoarm

03 jan 2012 - 11:42

It stoarmwaar begjint rûnom yn de provinsje foar oerlêst te soargjen. De noardlike meldkeamer hat yntusken de earste meldings oer stoarmskea binnenkrigen. It giet foaral om omwaaide beammen. De provinsjale brêgen wurde tiisdei nete betsjinne fanwege de hurde wyn.

It KNMI hat foar tiisdeitemiddei in koade oranje ôfjûn foar Fryslân en Noard-Hollân. Der wurde swiere oant tige swiere wynstjitten ferwachte, fan tusken de 100 en 120 kilometer yn 'e oere.

Trefwurden: 
stoarm skea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)