Nije oanhâldings grêfttriuwers

© Omrop Fryslân
Nei oanlieding fan de iepenlike geweldpleging op de Voorstreek yn Ljouwert yn de nijjiersmoarn hat de plysje noch twa minsken oanhâlden. Sy wurde der fan fertocht dat se belutsen west hawwe by it geweld. Dêrby binne trije mannen sûnder oanlieding yn it wetter fan de grêft goaid. Fiif manlju bekûgelen it trio dêrnei mei stiennen en fytsen, ien fan har sprong sels yn it wetter om de slachtoffers ûnder wetter te triuwen.
Omstanners bellen de plysje en dy koe al rillegau trije fertochten oanhâlde, twa Ljouwerters en in ynwenner fan Assen.