Minder lêzers Fryske deiblêden

03 jan 2012 - 10:25

De oplagesifers fan de Fryske deiblêden binne yn it tredde fearnsjier fan 2011 nei ûnderen gongen. De oplage fan de Ljouwerter Krante gong mei rûchwei 2500 eksimplaren werom nei in lytse 85.000 eksimplaren. Koartlyn waard bekend dat de LC it formaat fan de krante werom bringe sil nei tabloid. De redaksje hopet dat de trend dêrmei trochbrutsen wurdt.
De totale oplage fan it Friesch Dagblad gong yn it tredde kwartaal mei goed 300 werom nei in dikke 16.000.

De oplagesifers fan de deiblêden binne fan 'e moarn bekend makke troch HOI, it ynstitút fan oplagesifers foar kranten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)