Provinsje wurdt baas oer Frysk

03 jan 2012 - 10:11

De provinsje krijt mear te sizzen oer it fak Frysk op basisskoallen en it fuortset ûnderwiis. Dat is ôfpraat mei it Ryk. De provinsje mei no bepale wat it belangrykste is dat bern leare moatte as it om it Frysk giet. Oant no ta wie dat net offisjeel fêstlein.

De provinsje mei tenei ek bepale hokker skoallen wol, net of foar in part Frysk jaan meie. Deputearre De Vries praat dêr op it stuit al mei de skoallen oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)