Komst Weijl nei SC Cambuur rûn

02 jan 2012 - 22:17

Oanfaller Vincent Weijl hat tiisdei syn hântekening setten ûnder in kontrakt fan oardel jier by Sportklup Cambuur. Weijl komt oer fan it Spaanske SD Eibar, út de Segunda Division B. Dêr kocht hy syn eigen kontrakt ôf, om't hy hast net spile.

Earder spile hy ûnder oaren foar AZ en Liverpool, mar hy bruts nea troch. Weijl is in echte linksbûten en is neffens Cambuur-trainer Alfons Arts 'een type Derk Boerrigter'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)