Besikers wolkom yn Woudagemaal

02 jan 2012 - 18:31

It besikerssintrum fan it Woudagemaal is dizze wike spesjaal iepen, omdat it gemaal ûnder stoom brocht is. Fanwege de ekstreem hege wetterstannen hat it Wetterskip Fryslân besletten dat it Woudagemaal helpe moat it wetter de provinsje út te krijen.

Normaal is it besikerssintrum yn dizze moanne net iepen, mar no't it wetterskip it gemaal ûnder stoom brocht hat, is it dochs iepen foar publyk. Belangstellenden binne de hiele wike wolkom tusken 10 oere moarns en 5 oere middeis. Der wurde alle dagen hûnderten minsken ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)