Dantuma en Strikwerda nei ONS

Frits Dantuma © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Frits Dantuma en Roelof Strikwerda binne de nije oanwinsten fan sneonstopklasser ONS Boso Snits. Middenfjilder Dantuma komt oer fan Sportklup Cambuur. Hy kaam dit seizoen mar in pear kear yn aksje foar de Ljouwerters. Strikwerda spile it ôfrûne seizoen yn de A-junioaren fan Sportklup Hearrenfean. Earder waarden Rolf Dijk fan Oerterp, Tjisse Kerkstra fan De Jouwer en keeper Arend Hartman fan de Ljouwerter Sweltsjes oanlutsen. Der is no noch plak foar ien oanwinst.