Cambuur pakt training wer op

02 jan 2012 - 16:04
  • Cambuurfjild

Sportklup Cambuur is moandei mei in folslein fitte seleksje begûn oan de tarieding op de twadde seizoenshelte. By de earste training wie ek Dennis van der Wal, dy't op amateurbasis oan de seleksje taheakke is. Van der Wal spile ferline jier ek al fan jannewaris oant de simmer yn Ljouwert. De rjochtsback krige dêrnei in kontrakt oanbean, mar woe earst yn it bûtenlân besykje oan de bak te kommen, wat net slagge.

Ek Marco van der Heide, dy't de folsleine earste seizoenshelte blessearre wie, trainde mei by Cambuur.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)