Aksje alternatyf Sintrale As

© Omrop Fryslân
It alternatyf fan fiif âld-steateleden foar in soberder Sintrale As, is 50 oant 100 miljoen goedkeaper as it provinsjale plan. Dat sizze fiif âld-politisy dy't it plan útwurke ha. De eardere steateleden fan ferskate partijen fine dat it plan foar de Sintrale As achterhelle is troch befolkingskrimp en ûnferantwurde djoer yn dizze tiid fan besunigings.
Se hawwe in alternatyf útwurke dat foar in grut part deselde rûte folget as it provinsjale plan, mar út minder fiadukten en yngewikkelde oanslutings bestiet.
Arsjitekten Gunnar Daan en Jan Doede Niemeijer, dy't ek direkteur romtlike oardering yn Tytsjerksteradiel wie, ha de plannen mei de âld-steateleden útwurke. De fiif âld-steateleden wolle har plan graach oan Deputearre Steaten presintearje.