Balstjurrige Drachtster oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat op nijjiersdei in 18-jierrige Drachtster út syn sliepkeamer yn syn âlderlik hûs helle omdat er syn mem en suster mishannele en bedrige hat. De jonge soarge de hiele dei al foar problemen thús, mar de plysje waard derby helle doe't er de beide froulju te liif gie en mei in mes swaaide. Hy sleat himsels op op syn keamer.
De plysje hat de keamer iepenbrutsen en de man fêstset op it buro.