Cambuur praat mei Weijl

De kâns is grut dat Vincent Weijl moandei in kontrakt tekenet by Cambuur. De 21-jierrige oanfaller hat syn kontrakt by de Baskyske klup SD Eibar út de Segunda Division B sels ôfkocht. Cambuur besjocht oft dat allegearre juridysk goed sit.
As dat sa is, en Weijl komt troch de medyske keuring, dan krijt hy in kontrakt foar oardel jier mei in opsje foar noch in jier. Weijl hat yn novimber in proefwedstryd foar Cambuur spile tsjin Harkemase Boys.
Weijl komt oarspronklik fan de jeugd fan AZ, hat op proef even by Liverpool west. De ôfrûne moannen wie hy yn Spaansk Baskelân, mar dêr kaam er net in soad oan fuotbaljen ta.