By drafbaan 4 minsken oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat âldjiersnacht by it nijjiersfeest by de drafbaan yn Wolvegea fjouwer minsken oanholden. It giet om twa jonges fan 18 jier en twa mannen fan 22 en 28 jier. Ien fan de 18-jierrige fertochten hie in oare feestgonger slein. De oare 18-jierrige hie plysjes misledige. De 22-jierrige fertochte hie in meiwurkster fan it feest bedrige en slein.
De 28-jierrige man gedroech him ferfelend en waard dêrop oansprutsen troch in befeiliger. De fertochte reagearre agressyf en pakte de befeiliger by de kiel. Dêrop waard er oerdroegen oan de plysje.