259 diskriminaasjemeldings

20 mrt 2010 - 14:16

It tal meldings fan diskriminaasje is de lêste trije jier ferdûbele. Dat meldt Tûmba, it meldpunt foar diskriminaasje. Tûmba tinkt dat it komt omdat se bekender wurden binne, mar it hat ek te krijen mei it hurdere maatskiplik en politike debat.

Mei-inoar kamen der ferline jier 259 meldings binnen. Dat is mar it topke fan de iisberch, tinkt Tûmba, omdat de measte minsken pas melding dogge as se al ferskate kearen diskriminearre binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)