Ferfbom spat ferve op huzen
Unbekenden hawwe freedtenacht by in wenning oan de Oosterburen yn Warten in ferfbom ôfstutsen. De bewenners waarden wekker fan in lûde knal. De oare deis seagen se dat harren wenning en meardere auto's ûnder de reade ferfspatten sieten.
De ferfbom wie ôfstutsen op de oprit. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de fernielerij.