Rûnom wer nijjiersdûkers

01 jan 2012 - 12:36

Foar alle minsken dy't 2012 fris begjinne wolle, binne der nijjiersdei op ferskate plakken yn de provinsje nijjiersdûken. Boerum belibbet de 14de nijjiersdûk, yn Boalsert dûke se foar de fyfde kear it wetter yn en fierder binne der nijjiersdûken yn ûnder oaren De Westereen, De Rottefalle, Hylpen, Drachten en Aldtsjerk.

Yn Koatstertille is foar de alderearste kear in nijjiersdûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)