Ab Harrewijnpriis nei Fryslân

14 maaie 2013 - 12:59

It jongereinteam fan it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden is moandei ûnderskieden mei de Ab Harrewijnpriis. It team helpt jonge wurkleazen mei fragen oer wurk, oplieding en omgean mei jild. Helpynstânsjes ferwize jongerein nei it team at se yn de problemen driigje te kommen mei skulden of útkearings.

De priis is ferneamd nei Ab Harrewijn, Twadde Keamerlid fan Grienlinks, dy't yn 2002 ferstoar. Harrewijn wie dûmny en sette him yn foar minsken oan de ûnderkant fan de mienskip.

Trefwurden: 
priis Ab Harrewijn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)