Boetes foar te hurd riden

Snelheidskontrôle © Omrop Fryslân
Op de Haskerútgong op It Hearrenfean hat de plysje moandei tusken acht oere moarns en fjouwer oere middeis in snelheidskontrôle hâlden. Yn ferbân mei wurksumheden jildt op dizze dyk in maksimum snelheid fan 30 kilometer yn de oere. Tolve bestjoerders rieden te hurd en krigen proses-ferbaal.
De heechst mjitten snelheid wie 59 kilometer yn de oere. De wurksumheden oan de dyk duorje noch oant augustus. De plysje slút mear kontrôles net út.