Undersyk Smellingerlân begûn

© gemeente Smellingerlân
Amtners en âld-amtners fan de gemeente Smellingerlân kinne sûnt moandei meiwurkje oan in ûndersyk nei de wurksfear op it gemeentehûs. Oanlieding is dat in tal meiwurkers en âld-meiwurkers nei bûten brocht ha dat se har slachtoffer fiele fan yntimidaasje en pesterij troch har liedingjaanden.
Buro Berenschot hat de opset fan syn ûndersyk presentearre oan it personiel. Fia in skriftlike enkête of fia de mail kinne minsken har sechje dwaan. Reageare mei net anonym, omdat dan net sjoen wurde kin oft de meldingen klopje.
Alle ynformaasje sil fertroulik behannele wurde, skriuwt de gemeente Smellingerlân op syn webside. Minsken kinne oantemei 22 maaie fia it emailmeldpunt reagearje.