Grut byld stellen yn Wynjewâld

Ut in tún yn Wynjewâld is yn de nacht fan snein op moandei in trije meter heech byld stellen. It giet om in abstrakt byld fan messing mei in griisgriene koperkleur. It byld stie yn in tún oan de Merkebuorren. De eigener, in 57-jierrige Wynjewâldster, hat oanjefte dien.
Begjin maaie waarden tolve bylden stellen út de tún fan La Lanka op De Tynje. Trije dêrfan waarden inkele dagen lettter oanbean by in hannel yn skroat.