Gefaarlike stof by Campina

14 maaie 2013 - 10:22

It laboratoarium fan FrieslandCampina yn Ljouwert is tiisdeitemoarn ûntromme neidat in fleske mei natriumsulfide omfallen is. Dat soarget foar giftige dampen. Hûndert meiwurkers moasten harren wurkplak ferlitte en binne yn de kantine opfongen.

De stof natriumsulfide wurdt brûkt by deistige wurksumheden yn it fabryk oan de Pieter Stuyvesantwei om analyze fan fitaminen te dwaan. It giet neffens FrieslandCampina mar om in bytsje stof. De brânwacht hat it guod yn spesjale beskermjende klean opromme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)