Man wol ferbod kattemosquito

14 maaie 2013 - 09:50

Drachtster Roland van der Hoek trunet by de gemeente Smellingerlân oan op in ferbod op de saneamde kattemosquito. Syn buorfrou hat sa'n apparaat yn de tún stean om katten te ferjeien, mar Van der Hoek is benaud dat troch de hurde hege pyptoan hy en syn 2-jierrige dochterke skea oan de earen oprinne.

By de riedsfraksje fan Gemeentebelangen en by it tv-programma de Rijdende Rechter mocht de Drachtster moandei syn ferhaal dwaan. Van der Hoek wol dat Smellingerlân de apparatuer ferbiedt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)