Middel foarsitter fan FC Grins

13 maaie 2013 - 18:01

De eardere boargemaster fan Smellingerlân Bert Middel wurdt foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan FC Grins. Dat hat de klup bekend makke. Middel is de opfolger fan Ed Zijp, dy't nei dit seizoen syn funksje delleit. De 60-jierrige Middel waard yn Grins berne.

Middel is beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. Neidat er yn 2012 ôfskie naam fan Smellingerlân waard er dykgraaf by it wetterskip Noorderzijlvest. Earder siet er foar de PvdA yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
fuotbal Bert Middel FC Grins
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)