Jildparse dûkt op by Vreewyk

01 jan 2012 - 10:26

Aldjiersferiening Frijsteat De Folgeren út Drachten hat de jildparse meinaam dy't ferline wike yn Alkmaar ferdwûn. De antike muntparse út 1910 stiet by Vreewyk. Leden fan de âldjiersferiening namen it apparaat woansdeitenacht mei út in loads yn Alkmaar. De parse is tige swier, stie yn in befeilige koai en wie krekt restaurearre foar in keunstprojekt.

De âldjiersferiening út Drachten soe eins it wapenskyld fan it provinsjehûs meinimme, mar waard betrape troch de plysje doe't leden dwaande wiene mei it losskroeven fan it skyld.

De Drachtsters wolle mei de jildparse harren eigen munt meitsje. Dat binne gjin euro's, mar fleuro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)