Ons Bildt wol betelle krêft

13 maaie 2013 - 11:45

De frijwilligers fan Stichting Ons Bildt hawwe it sa drok, dat se al it wurk net mear oan kinne. Dêrom moat der foar in pear oeren yn de wike in betelle krêft komme. Dat fynt waarnimmend foarsitter Froukje de Jong.

Sy makket har soargen oer it fuortbestean fan de Biltse taal en kultuer, no't der fiergeande weryndielingsplannen binne op It Bilt. De Jong hat krityk op it taalbelied fan de gemeente. Op de site fan It Bilt is bygelyks kwalik Bilts te finen. Wethalder Boukje Tol hat begryp foar de soargen fan de stichting.

De wethâldster jout lykwols oan dat der bot besunige wurde moat. Sy hopet in kreative oplossing te finen om wat oan de wurkdruk by de stifting te dwaan. Stichting Ons Bildt moat him no rêde mei 2000 euro subsydzje it jier. De stichting wol sels graach ta op in profesjoneel oansprekpunt foar alle Biltse organisaasjes. Sa'n punt soe der wêze moatte foardat de gemeente It Bilt der net mear is. Tiisdei bringt minderhede-organisaasje EBLT in wurkbesite oan It Bilt om te praten oer it taalbelied yn dy gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)