Skoalle fytst alvestêdetocht

13 maaie 2013 - 11:21

23 bern fan basisskoalle de Reinbôge yn Tersoal binne moandei begûn mei it fytsen fan de alvestêdetocht. Underweis bringe de bern besites oan edukative saken, lykas museums en in seesleper yn Harns.

Der fytse juffen mei en ek in tal âlden. Dy hawwe der lykas de bern foar oefene. As it hiel min waar wurdt, is der in min waar programma. De skoalle hâldt om de trije jier sa'n alvestêdetocht. De foarsitter fan de fytsalvestêdetocht hat de bern moandei fuortsketten. De bern sille fiif dagen oer de alvestêdetocht dwaan.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht Tersoal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)