Stellen Mini yn brân stutsen
In yn Donkerbroek stellen Mini is sneintejûn by Gersleat yn brân stutsen. De auto wie by in ynbraak yn in hûs oan de Feart Westkant yn Donkerbroek stellen. By de ynbraak binne derneist sieraden, jild en in lytse kompjûter stellen.
De auto waard letter op de sneintejûn weromfûn op de Heafeartswei by Gersleat. De Mini wie yn brân stutsen. Fan de auto bleau neat oer.