Erwin Zeinstra krijt finale

13 maaie 2013 - 10:27

Erwin Zeinstra fan Dronryp is takom woansdei assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers by de Europa League finale. De finale giet tusken Chelsea en Benfica en wurdt spile yn de Amsterdam Arena.

It is in topseizoen foar it team fan Kuipers, dêr't Zeinstra diel fan útmakket. Sa krigen se ûnder oaren ek al de heale finale fan de Champions League tusken Borussia Dortmund en Real Madrid. Boppedat is hy dizze simmer aktyf op de Confederations cup yn Brazilië fan 15 oant en mei 30 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)