Eineksamens moandei los

13 maaie 2013 - 09:48

Foar goed 20.000 Fryske jongeren en har dosinten begjint moandei in spannende perioade. De eineksamens sette útein mei nije strange easken. De nije noarmen soargje foar ekstra stress, want tenei meie learlingen fan Havo en VWO op de kearnfakken wiskunde, Nederlânsk en Ingelsk mar ien fiif helje. Alle oare fakken moatte dan wol foldwaande wêze.

Dit komt boppe-op oare strange easken, dy't earder ynfierd waarden. Sa moatte je ek yn trochsneed oer alle fakken in 5,5 of heger helje.

Trefwurden: 
easken eineksamen noarmen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)