Westra wint yn Kalifornië

Lieuwe Westra hat snein de earste etappe yn de Ronde fan Kalifornië wûn. De Tynster wie yn de grutste hurdfytswedstriid yn Amearika nei 165 kilometer yn de einsprint rapper as de Spanjert Francisco Mancebo. Beide hurdfytsers wiene op 5 kilometer foar de einstreek útnaaid.
De Slowaak Peter Sagan wûn seis sekonden letter de sprint fan it peloton. It parkoers wie lestich en de temperatuer heech: boppe de 30 graden. De Ronde fan Kalifornië duorret noch oant en mei snein. Op freed wurdt der in tiidrit riden oer 32 kilometer.
Dat is de spesjaliteit fan Nederlânsk kampioen Westra.