Van der Bos wint yn Sint Anne

De haadklasse keatspartij foar manlju yn Sint Anne is snein in proai wurden foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn de finale wûnen se mei dúdlike sifers fan it partoer Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden: 5-0 en 6-6.
Van der Bos wie op de twadde list mei 5-1 en 6-0 te sterk foar Menno van Zwieten, Folkert van der Wei en Hans Wassenaar. Tolsma wûn yn de heale finale mei 5-4 en 6-6 fan Arnold Zijlstra, Michel van der Veen en Patrick Scheepstra, dy't de lytse preemje pakten.
Yn de trije partijen krigen de winners mar trije earsten tsjin. Lykas ferline jier waard Gert-Anne van der Bos útroppen ta kening.