Winst LDODK, SCO pakt lykspul

12 maaie 2013 - 16:41
  • Kuorbal

De kuorballers fan LDODK ha snein mei 23-16 wûn fan de nûmer 2 Groen Geel. It is de fyfde oerwinning op rige foar de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool. Troch de goede prestaasjes nei it sealseizoen klimt LDODK nei it fjirde plak yn de haadklasse A. De ploech sammele oant no ta 11 punten út 11 wedstriden.

SCO kaam op eigen fjild net fierder as in 15-15 lykspul tsjin Wageningen. De ploech fan trainer Hillebrand Diever ferspile yn de slotminuten in 15-13 foarsprong. SCO stiet mei 9 punten út 12 wedstriden op it 6e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)