FVC werom yn de haadklasse

12 maaie 2013 - 16:10
  • FVC

De Friesche Voetbal Club (FVC ) is snein kampioen wurden yn de earste klasse F en spilet takom jier nei twa seizoenen ôfwêzigens wer yn de haadklasse. FVC wûn by Velocitas ôftekene mei 8-2. Trochdat direkte konkurrint Erica mei 3-0 ferlear yn Ljouwert by Frisia is de ploech fan trainer Bert Hollander wis fan de titel.

FVC hie yn Grins in makje tsjin Velocitas. It meireizge publyk waard traktearre op in wier doelpuntefestijn. Treffers kamen op namme fan Robin Hollander (2), Jordy van Kammen, Ruurd Algra (3x) en ynfaller Yassine Yettefti.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)