Ynbraak yn kofjehûs Reduzum

Ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn yn Reduzum in man oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in kofjehûs yn it doarp. De eigeners fan 'De Blauwe Tinte' oan de Oeriselsestrjitwei krigen in melding dat it ynbraakalarm ôfgien wie. Dat kloppe. It rút wie iepenbrutsen en der wie lytsjild fuort.
Doe't de plysje ûnderweis wie nei de melding kamen se in man op in scooter tsjin. De bestjoerder wie in bekende fan de plysje. Hy hie ynbrekkersark by him en lytsjild. Ek de ôfdruk fan de skoech by it iepenbrutsen rút kaam oerien mei de skoech fan de man.
Hy is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst.