Frou ûnseedlik betaaste

12 maaie 2013 - 12:57

In 18-jierrige frou is yn de nacht fan freed op sneon yn it sintrum fan Snits seksueel lestich fallen troch in man. Om kertier foar fjouweren hinne waard se troch de man yn de omjouwing fan de Martinitsjerkte ûnseedlik betaaste.

Troch te roppen en te skoppen liet de man har los en naaide út yn de rjochting fan it stasjon. Se sjocht noch dat hy oer de brêge draaft nei de Westersingel en ferdwynt yn de rjochting fan it Antoniusplein. De frou hat oanjefte dien by de plysje.

De man is keal, hat in gewoan postuer en is in jier as 25. Hy hie in swarte jas oan en skuon fan it merk Nike. Minsken dy't wat sjoen ha wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Snits frou ûnseedlik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)