Plannen Boerestreek Appelskea

Appelskea
Yn Appelskea wurde woansdei trije plannen presintearre foar in opknapbeurt fan de Boerestreek. De gemeente Eastellingwerf hat trije buro's frege om mei har fisy te kommen op dit belangrike toeristyske gebiet yn Appelskea. Ynwenners fan Appelskea meie dêrnei har miening jaan. Dat nimt it kolleezje fan b. en w. mei by it úteinlike beslút.
Doel fan de plannen is, om de levendichheid werom te krijen oan de Boerestreek. Sûnt 2002 is it der in stik stiller wurden, omdat it attraksje- en miniatuerpark doe ferhuze.
Dêrnei wiene der plannen om it besikerssintrum fan it nasjonaal park Drints Friese Wold dêr te krijen, mar dy plannen binne mislearre.