Behearsbere Aldjiersnacht

01 jan 2012 - 09:51

Der hawwe har âldjiersnacht gjin grutte problemen foardien by de fiering fan Ald en Nij. Dat is de konklúzje fan de helpferlieningsorganisaasjes yn Fryslân. Sy sizze dat it om in behearsbere Aldjiersnacht gie. De brânwacht moast meardere kearen útrukke om benammen lytsere brannen te blussen.

Op de ôfdielingen Spoedeaskjende Help fan de fiif Fryske sikehuzen binne mei-elkoar 13 fjoerwurkslachtoffers behannele en by de Dokterswachten nochris 21. De plysje hold 44 minsken oan. Dat is twa kear safolle as gewoanwei yn de nacht fan sneon op snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)