Doutzen is de moaiste

Doutzen Kroes is it moaiste model fan Nederlân. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan de Floating Fashion Week ûnder de Nederlânske befolking. De Floating Fashion Week is de earste moadewike yn Nederlân op it wetter. It moat in oade wêze oan de nije kening dy't him bot ynsetten hat foar wettermanagement.
Sylvie van der Vaart stiet op it twadde plak yn de ferkiezing, folge troch it Grinzer topmodel Ymre Stiekema. Yn totaal stimden 2000 Nederlanners mei yn de modelleferkiezing. De Floating Fashion Week begjint op 21 maaie.