'Meagere hynders Noarderleech'

11 maaie 2013 - 17:34

Sechstich hynders yn in stik greidlân op it Noarderleech binne ferwaarleazge. It stik lân is te lyts, der stiet amper gers en it leit fol stront. Dat seit Willem Kolkman út Sint Jabik. Hy hat de saak al melden by de plysje, mar fynt dat help te lang op him wachtsje lit. Neffens him binne de hynders sa meager dat se hast deagean. De hynders binne fan ferskate eigeners en se wurde beheard troch Pieter Bouma. Hy ûntkent dat de hynders der min oan ta binne. Hy fuorret ierappels, rapen en bieten by en dat is genôch, seit er.

Der rinne ek drachtige hynders by de groep, mar dy gean takom wike werom nei de eigeners, sei Bouma. Bouma pachtet it stik grûn op it Noarderleech fan natuerorganisaasje It Fryske Gea. Dy seit yn in reaksje op de hichte te wêzen fan de sitewaasje mei de hynders, mar dêr neat oan dwaan te kinnen. Ferline jier noch hat It Fryske Gea by de rjochter besocht it pachtkontrakt mei Bouma ûntbine te litten, mar dat is doe net slagge.

.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)