Mid-Fryslân pakt wichtich punt

11 maaie 2013 - 17:26

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon yn de útwedstriid tsjin Oost-Arnhem in wichtich punt út it fjoer sleept. Yn Arnhem waard mei 15-15 lykspile. De hiele wedstriid rûn de ploech fan trainer Arjan Kreeft efter de feiten oan.

Pas yn de twadde helte wist Mid-Fryslân de oansluting te finen. Benammen ynfaller Sander Hageman spile in haadrol yn de goede einfaze. Yn de slotminút wie it Wiebe Huitema dy't mei in frije bal de lykmakker op it boerd sette.

Trefwurden: 
kuorbal Mid-Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)