De Hoeve wurdt haadklasser

11 maaie 2013 - 17:21

De kuorballers fan De Hoeve binne sneon kampioen wurden yn de oergongsklasse en spylje takom seizoen yn de haadklasse. Yn Kampen wûn de ploech fan trainer Sake Koelma mei 10-17 fan konkurrint DOS Kampen. By rêst stie der in tuskenstân fan 5-9 op it boerd. Nei rêst liet De Hoeve der gjin misferstân oer bestean wa't mei de punten nei hûs gong.

De Stellingwervers spilen noch nea earder yn de histoarje fan de klup yn de haadklasse. De Hoeve fiert takom jier har 75-jierrich bestean.

Doelpuntemakkers: Menno de Vries 6x, Marit Bosma 4x, Klaas Anne Bakker 3x, Laura Logtenberg 2x, Judith Logtenberg en Leon de Vries 1x.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)