Gemeente moat feest stypje

Gemeente Weststellingwerf
De organisaasje fan it nijjiersfeest yn Wolvegea wol tenei mear stipe ha fan de gemeente Weststellingwerf. It giet dan net fuort om jild mar benammen om help by it krijen fan fergunnings.
Neffens organisator Donny Laverman foarsjocht it feest yn in ferlet foar de jeugd. Der kamen âldjiersnacht goed tûzen minsken op ôf. Ferline jier waard it net hâlden en doe moast de ME yngripe. Op de Van Haerenstrjitte drigen doe reltsjes.