Lêste dei útferkeap Tichelaar

11 maaie 2013 - 15:25
  • Grutte drokte by Tichelaar

It is sneon de lêste dei dat ierdewurkfabryk Tichelaar yn Makkum de doarren iepen hat foar de ferkeap fan diggelguod. It fabryk hâldt op mei it meitsjen fan tradisjoneel diggelguod. It wurdt te djoer. It âldste noch besteande bedriuw fan Nederlân rjochtet him tenei op de profesjonele merk mei grutte tegelprojekten foar arsjitekten.

Minsken koene fan Himelfeartsdei ôf terjochte yn it fabryk om de foarried diggelguod mei flinke koarting te keapjen. Dêr kamen in soad minsken op ôf. Tichelaar is sneon noch iepen oant fiif oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)