Truckers op paad tsjin kanker

11 maaie 2013 - 15:22
  • Klaas Hoekstra fan de Sjauffeursferiening Fryslân
  • Frachtauto's by de aksje Rinsma foar Remco
  • Frachtauto's by de aksje Rinsma foar Remco
  • Frachtauto's by de aksje Rinsma foar Remco

Dielnimmers oan de aksje Rinsma foar Remco wiene sneon mei in tal opfallende frachtauto's by de studio fan Omrop Fryslân om oandacht te freegjen foar de slimme sykte kanker. It autobedriuw Rinsma ferlear begjin dit jier monteur Remco Brouwer oan de sykte. Sûnt dy tiid fiere sy aksje. Alle wiken dogge se wat oars.

Dizze kear hiene se Klaas Hoekstra fan de Sjauffeursferiening frege foar dielname. Hy regele in tal frachtweinen, dêr't bern mei kanker en harren famylje yn meiride mochten.

Alle aksjes smieten mei inoar oant no ta 33 250 euro op. Op freed 24 maaie beklimt Team-Rinsma mei Chris Wassenaar, Sipke Visser, Johan Dijkstra en Bert de Haan de Alpe d'Huez foar harren kollega Remco en wurdt de aksje ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)