Goede start swimmers DZ&PC

11 maaie 2013 - 14:34

De swimmers fan de Drachtster DZ&PC hawwe freed op de earste dei fan de Fryske simkampioenskippen goede saken dien. By de froulju gong de titel op de 400 m frije slach nei Renate Hemmes fan DZ&PC, dy't wûn yn in tiid fan 4.33.60. By de manlju wûn Erik Nijholt, ek fan DZ&PC yn 4.10.36.

De 100 m skoalslach by de froulju waard in proai foar Willeke Jonkman fan DZ&PC (1.16.49). By de manlju gong de titel nei Ramon Fredrik fan Orca. Ilse Kraaijeveld fan ORCA wie in klasse apart op de 200 m rêchslach (2.21.58).

Olivier Victor van de Voort fan DZ&PC waard algemien kampioen op de 200 m rêchslach. Yn in tiid fan 2.14.50 wist er de winner fan foargeande jierren, Jelmer Meijer fan It Hearrenfean, krekt foar te bliuwen. De tiid fan Van de Voort wie boppedat goed foar in Nederlânsk rekôr yn de klasse S10, de klasse foar swimmers mei in hendikep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)